Alder pear yn in auto tsjin in beam knald yn Warten

25 jul 2019 - 15:20

In âlder pear is tongersdei oan 'e ein fan de moarn ferwûne rekke by in ûngelok yn Warten, oan de Midsbuorren. Sy riden troch noch ûnbekende oarsaak mei har auto tsjin in beam.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Om't der earst rekken holden waard mei bekniping, waard ek de brânwacht oproppen foar de helpferliening. Ek waard in traumahelikopter ynskeakele. Uteinlik die bliken dat der gjin sprake fan bekniping wie.

Hoe slim de 83-jierrige bestjoerder en syn 81-jierrige frou der oan ta binne is net bekend.

Trefwurden: 
auto Warten Midsbuorren
(advertinsje)
(advertinsje)