Skea troch fjildmûzen sichtber op satellytbylden

25 jul 2019 - 13:46

De skea fan de fjildmûzepleach yn grutte dielen fan it suden fan Fryslân is sa grut dat dy op satellytbylden te sjen is. Dat meldt de universiteit fan Wageningen. Dy sjocht op de satellytbylden ljochte plakken yn greiden, dêr't de muzen it gers keal fretten hawwe.

Neffens de universiteit is dat ûnder oare it gefal by De Hommert, Tersoal, Yndyk, Tsjerkgaast en Follegea. Dy gebieten wurde al wiken teistere troch in mûzepleach. De skea is op de bylden te werkennen as ljochte flekken op grien gers. "Grote muizenkolonies graven gangen onder de graslandzode en vreten het gras kaal", stelle de ûndersikers.

Folle earder

"Het gaat in feite om het hele veenweidegebied van Friesland," seit Gerbert Roerink fan de universiteit fan Wageningen. "Twee jaar geleden was het pas in september, maar nu is het al in juli. Als je bedenkt dat een muizenpopulatie zich vertienvoudigd in één-twee maanden tijd, dan is dat zorgelijk. We moeten echt een vinger aan de pols houden."

Hichtepunt noch net west

It hichtepunt is noch net west. "Vanaf het voorjaar zitten de muizen in een voortplantingsstand. Pas in november-december komen ze met de winter weer in een overlevingsmodus. Dus het wordt voorlopig niet minder erg."

Twa kear yn 'e wike krijt Roerink satellytbylden binnen om de groei fan gewaaksen te folgjen. Sa is de skea ek maklik te sjen. "Vijf jaar geleden stonden de boeren ernaast en keken ze ernaar, maar nu is het een ander verhaal. Men is gewaarschuwd, veel boeren in Zuidwest-Friesland zetten hun land onder water."

Foto: Groenmonitor

In mûzepleach fan dizze omfang kaam earder foar yn 2004 en 2014. De mûzepopulaasje kin eksplodearje by geunstige omstannichheden, mei in sêfte winter en in waarm en drûch foarjier.

Kâns op skea grutter

De pleach fan no is earder yn it jier as de foarige. Dat is soarchlik neffens de universiteit. "Omdat deze plaag twee maanden eerder verschijnt, is ook de kans op schade vele mate groter".

Foto: Groenmonitor

Gerbert Roerink fan de Universiteit fan Wageningen

(advertinsje)
(advertinsje)