Earste itenspakketten Voedselbank nei Skiermûntseach

25 jul 2019 - 13:30

Elke dei brea-iten, middeisiten, jûnsiten en somtiden noch wat lekkers tuskentroch. It is net foar elsenien fanselssprekkend. Guon minsken hawwe it wat krapper en moatte de foarried byfolje fia de Voedselbank. Yn de gemeente Noardeast-Fryslân sitte se rûn de 70 itenspakketten, mar der binne fiif gesinnen bykaam fan it eilân Skiermûntseach.

De Voedselbank sil freed de earste itenspakketten nei Skiermûntseach bringe. Fan it eilân kaam it fersyk om pakketten te meitsjen foar fiif gesinnen, dy't op it eilân wenje. It libben op it eilân is djoerder en dêrom wurde de pakketten thúsbrocht, wylst de minsken yn de gemeente Noardeast-Fryslân de pakketten ophelje moatte. "Sa hoege de minsken net mei de boat", seit foarsitter Gerard Timmerman.

Gjin bôle yn de pakketten

De pakketten binne itselde as de pakketten foar minsken op it fêste lân, allinnich sit der op it eilân gjin bôle by. "At de bôle ûnderweis ûntteit dan kinne de minsken it dêrnei net wer ynfrieze, want dan komme der skimmels yn", seit Timmerman. Oare produkten yn de pakketten binne wol itselde, lyk as tee, rys, frisdrinken en griente.

It wie wol in ferrassing foar de organisaasje fan de Voedselbank om't der faak fan útgien wurdt dat der benammen rike minsken op it eilân wenje. "Wy krigen it fersyk doe't krekt it berjocht kaam dat it eilân de measte miljonêrs hat", fertelt Timmerman. De frijwilligers binne bliid dat de earmere minsken op Skiermûntseach de Voedselbank ek witte te finen.

Foarsitter Voedselbank Noardeast-Fryslân Gerard Timmerman

(advertinsje)
(advertinsje)