Provinsje stelt 400.000 euro besikber foar 75 jier befrijing Fryslân

Inisjatyfnimmers fan projekten dy't mei de 75-jierrige befrijing fan Fryslân te krijen ha, komme yn oanmerking foar subsydzje fan de provinsje. Fan 27 augustus oant en mei 6 septimber is der in bedrach fan 400.000 euro beskikber.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It kin gean om projekten lykas betinkings, lesprogramma's en it meitsjen fan films. It jild is beskikber foar unike projekten dy't wat mei Fryslân te krijen hawwe.
De regeling fergoedet maksimaal 40 persint fan de totale kosten fan in projekt en wiist nea mear as 100.000 euro ta oan in inisjatyf.
Op de webside fan de provinsje is mear ynformaasje te finen oer de subsydzjeregeling.