Sa kinst it skûtsjesilen dit jier it bêste folgje

De temperatuer nimt ta, mar de spanning foar it skûtsjesilen ek. Sneon start it SKS-kampioenskip en twa wiken letter is it tiid foar de IFKS. Omrop Fryslân makket ek dit jier alle dagen útstjoeringen fan it wedstriidwetter ôf. Mar let op, der binne nammentlik wat feroaringen dit jier. Hokker dat binne? Do lêst it hjir!
© Omrop Fryslân

1. De wedstriid folslein live op telefyzje

Nei it grutte livestreamsukses fan de ôfrûne twa jier, is dit jier besletten it folsleine skûtsjesylprogramma ek op telefyzje út te stjoeren. Dat betsjut dat Omrop Fryslân in kompleet programma biedt mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Freark Wijma en Eelke Dykstra fersoargje it ferslach by de SKS, Simone Scheffer en Eelke Dykstra by de IFKS.
Let op: op woansdei 31 july en sneon 10 augustus is it skûtsjesilen middeis net op telefyzje te folgjen. Dat hat alles te krijen mei de PC op 31 july en it FK Fierljeppen op sneon 10 augustus. Fansels binne wy der wol by, alles is gewoan te folgjen fia Omropfryslan.nl/live/skutsjesilen.

2. De lotting live

Freedtejûn 26 july is Omrop Fryslân live by de lotting fan de SKS. Wa start op hokker plak by Earnewâld en de Feanhoop? Op Facebook.com/omropfryslan kinst it live folgje.

3. Skûtsje Kafee

Om de spanning wat op te fieren stjoert Omrop Fryslân freedtejûn it Skûtsje Kafee út. Skippers en bemanningsleden út de SKS en IFKS sjogge foarút op de twa kampioenskippen. De grutte kampioenen fan 2018 skowe oan: Douwe Visser fan Grou en Geale Tadema fan Eastermar. It Skûtsje Kafee is ek live te folgjen op de Facebookpagina fan Omrop Fryslân.

4. Radio

Wa leit oan kop, hoe komme se it krúsrak troch en wa hat de bêste papieren om te winnen? Geartsje de Vries en Gjalt de Jong (SKS) en Andor Faber en Gjalt de Jong (IFKS) hâlde elkenien fia 92.2 FM op 'e hichte fan alles wat op it wedstriidwetter bart. Fan 14.00 oere ôf hearst op radio ús kommintatoaren hieltyd foarby kommen.

5. Spesjaal jûnsprogramma op telefyzje

Der komt in spesjaal programma op jûntiid werom! Jûns om 18.20 oere sjochst yn 'Skûtsjesilen 2019' alles oer de wedstriid fan de dei. Sa is it wedstriidferslach te sjen, it ferhaal fan de dei, reaksjes fan de skippers en in sfearferslach út it wedstriidplak. Ferline jier wie it ferslach yn Fryslân Hjoed te sjen, mar sa'n grut Frysk evenemint fertsjinnet eins gewoan in eigen programma.

6. Online en de skûtsjepool

Facebook, Twitter, Instagram en de webside: it sil de kommende wiken bol stean fan ynformaasje oer it skûtsjesilen. Omrop Fryslân sit boppe-op it skûtsjesilen en hâldt dy op 'e hichte. Ek dit jier hat Omrop Fryslân wer de skûtsjepool. Bisto in masterfoarsizzer yn it skûtsjesilen? Doch dan mei en meitsje in akkount oan.

Wer efkes oplette: yn ferbân mei de AVG-wet moat elkenien him of har opnij registearje foar de skûtsjepool. Dus ek wannear'tst al meardere jierren meidochst en noch in akkount hast.

7. Temaside OmropFryslan.nl/skutsjesilen

Op ús temaside omropfryslan.nl/skutsjesilen is noch folle mear te finen. Alle útslaggen, it klassemint, hichtepunten fan de wedstriid en in ôfspyllist mei alle folsleine wedstriden. Sa kinst altyd alles werom sjen.