Maarten van der Weijden spesjale gast by rûtebesprekking SKS

25 jul 2019 - 12:47

Alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden is sneon as gast fan kommissaris fan de Kening Arno Brok oanwêzich by de rûtebesprekking fan de SKS yn Grou. Foar Brok is it de twadde kear dat er dêrby is. Ferline jier hie Brok minister Bruno Bruins fan Sport meinaam as spesjale gast.

Foto: Kappers Media

De kommissaris fan de Kening wol op dizze manier it begjin fan de SKS-silerij eare. De rûtebesprekking fan de SKS begjint sneon om 11.00 oere yn de boppeseal fan it Teehûs yn Grou.

(advertinsje)
(advertinsje)