Goede ferkeap tsiis helpt FrieslandCampina oan hegere winst

De ferkeap fan tsiis hat FrieslandCampina in goed earste healjier opsmiten. Dat docht bliken út de healjiersifers, dy't tongersdei presintearre binne.
Tsiis © ANP
De winst fan de ûndernimming gie mei alve prosint omheech, nei 121 miljoen. Neist de groeiende ferkeap fan tsiis, yn benammen Afrika en Azië, hat ek de delgong yn de molke-oanfier yn Nederlân meiholpen oan de hegere winst. Troch dy delgong hoegde der minder molke ferwurke te wurden ta bûter en molkepoeier, produkten dy't ferliesjaand binne.
De ferkeap yn Sina bleau gelyk, ûnder oare omdat in tal belangrike yngrediïnten net leverber wie. De omset fan it bedriuw kaam yn it earste healjier út op 5,7 miljard, gelyk oan de omset yn de earste helte fan ferline jier. De tsiis waard foaral ferkocht yn Afrika en Azië. FrieslandCampina hat fêstigingen yn 100 lannen, seis fan de Nederlânske fêstigingen sitte yn Fryslân.