Paardendagen Driezum-Wâlterswâld begjinne freed al om 8 oere moarns

De maraton fan de 30-ste edysje Paardendagen yn Driezum en Wâlterswâld begjinne freed oardel oere earder. Fanwegen de foarseine hjitte hat de organisaasje it programma oanpast. De maraton mei 150 oanspanningen begjint moarns net om healwei tsienen, mar om acht oere.
Paardendagen Driezum-Wâlterswâld © Omrop Fryslân
''Dan ha we op it waarmste momint fan de dei gjin hynders op it terrein'', seit Piet de Jong fan de organisaasje. Dy hie al in hjitteprotokol efter de hân, dat by 34 graden yngean soe. Om't de foarsizzingen útein rinne fan 32 oant 39 graden hat de organisaasje besletten om de maraton nei foaren te heljen. De rest fan it programma is net feroare. Der binne maatregels naam om hinder foar de bisten safolle mooglik foar te kommen. Der binne ekstra ynspeksjes troch feedokters en der binne in dûs en skaadplakken foar de kij fan de feekeuring. De Paardendagen begjinne tongersdei en duorje oant en mei sneon.