Soad minsken sykje wente, mar dochs reitsje eigeners hûs net altyd kwyt

25 jul 2019 - 11:00

Minsken dy't yn it Noarden fan Nederlân in hûs keapje wolle, hawwe hieltyd minder betinktiid. Troch de krapte op de wenningmerk nimt de konkurrinsje tusken minsken dy't in hûs sykje ta. Dochs stiet yn Fryslân tsien persint fan de wenten langer as trije jier te keap. Yn Grinslân is dat noch heger. Dêr rekket achttjin persint fan de wenten mar min ferkocht. Dat docht bliken út ûndersyk fan Lamberink Makelaars.

Foto: Omrop Fryslân

Dat guon wenten sa lang te keap stean, is opfallend, want der binne in hiel soad minsken op 'e syk nei in wenning. Neffens de ûndersikers kin it gean om gruttere pleatsen of rekreaasjewenten, mar der is gjin dúdlike trend yn it oanbod dat lang te keap stiet.

De kontrasten op de Noardlike wenningmerk wurde hieltyd grutter. Op guon plakken wurde hûzen hiel rap ferkocht, op oare reitsje wenningeigeners harren hûs wer net kwyt.

Oanbod yn Ljouwert

It tal wenten dat te keap stiet yn Ljouwert is yn it twadde fearnsjier omheech gien. Yn july fan dit jier stean yn de gemeente Ljouwert 500 wenten te keap. It oanbod nimt ta troch ferskate nijbouprojekten.

It docht bliken dat der in soad ferlet is fan nijbou, want nijbouprojekten binne fluch útferkocht. Der binne yn Ljouwert hast 9.500 minsken op syk nei in wenning.

Emmen goedkeapste gemeente

De wenningprizen binne it leechst yn Emmen. De prizen binne fuortendaliks ek it leechst fan alle gemeenten yn Nederlân mei mear as 100.000 ynwenners.

Trefwurden: 
wenningmerk keapwenten
(advertinsje)
(advertinsje)