LIVEBLOG: Tropyske waarmte; sil it Fryske hjitterekôr ferbrutsen wurde?

25 jul 2019 - 17:00

It is dizze wike tropysk waarm yn Fryslân. De temperatuer skommele woansdei om de 35 graden hinne. Tongersdei sil it sels noch in graad waarmer wurde. It KNMI hat koade oranje ôfkundige, Liander ferwachtet mear stroomsteurings en ferskate eveneminten wurde oanpast of ôfsein. Folgje yn dit liveblog al it nijs dat te krijen hat mei de hjitte.

14:57
Fergees 'gemeentepils' op 'e Jouwer
'Gemeentepils' (kraanwetter) yn de Midstrjitte - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn de Midstrjitte op 'e Jouwer is fergees 'gemeentepils' te krijen, oftewol: lekker kâld kraanwetter. Op dizze wize besykje lokale ûndernimmers harren klanten yn 'e mjitte te kommen.

14:46
Fryske sjoernalist op Curaçao fynt it te kâld

Sjoernalist Dick Drayer, berne yn Fryslân, wennet en wurket al jierren op Curaçao. Hy wol graach nei Nederlân foar wat waarmte ;)

14:28
Goed drinke, minsken

Mei dit hite waar moatte je net ferjitte om goed te drinken. Oan it strân fielt it miskien lekker fris mei de wyn, mar ek dêr jildt: ferjit net te drinken.

En in bierke is dan lekker fansels mei dizze temperatueren. Mar bleau wol tûk mei drank, ek op it wetter.

14:08
Fideo: waarhistoarikus makket him soargen

Waarhistoarikus Klaas Ybema makket him soargen oer it oanienwei ta sneuveljen fan waarmterekôrs. Koelere waartypes sille neffens him hieltyd seldsumer wurde. By syn waarstasjon yn Skettens wie it tongersdeitemoarn al 28 graden. Ferslachjouwer Ronnie Porte socht him fan 'e moarn op.

Klaas Ybema - Foto: Omrop Fryslân
13:18
Wês sunich mei wetter!

Wetterbedriuwen yn Nederlân roppe ôfnimmers op om sunich om te springen mei kraanwetter. Der is neffens harren yn Nederlân genôch drinkwetter, mar by pykoeren moarns en jûns kin de fraach sa grut wêze dat de wetterdruk fuort falt, wêrtroch't der brún of minder wetter út de kraan komme kin.

Neffens Vitens, mei 5,6 miljoen klanten yn sân provinsjes, wurdt der gemiddeld 30 miljoen liter wetter ekstra op in dei brûkt. Op hite dagen nimt de wetterfraach mei 40 persint ta. Vitens wiist derop dat in minút koarter ûnder de brûs op in dei al 2.200 liter wetter per persoan per jier besparret.

12:21
Gjin fjoer yn de natoer
11:45
Kwaliteit swimwetter

Wolst witte hoe heecht at de kwaliteit fan it swimwetter by dy yn de buert is? Dan kinst dyn lokaasje ynfolje op Zwemwater. Wetterskip Fryslân kontrolearret it wetter mei wettermeunsters en makket de resultaten bekend op Zwemwater.

11:18
Hynstedagen begjinne freed om 8 oere

De maraton fan de 30-ste edysje Hynstedagen yn Driezum en Wâlterswâld begjinne freed oardel oere earder. Fanwegen de foarseine hjitte hat de organisaasje it programma oanpast. De maraton mei 150 oanspanningen begjint moarns net om healwei tsienen, mar om acht oere.

10:26
Terras oan it wetter

Yn Snits sykje minsken ferkuolling op in bysûnder terras. In kafee dêr hat in in oantal taffeltsjes yn in swimbadsje mei wetter setten.

10:02
De ferwachtings foar tongersdei
(advertinsje)
(advertinsje)