Kollum: "Glêsbakridder"

25 jul 2019 - 09:37

"It wie sneintemiddei om trije oere, doe't twitteraar 'ljouwerter84' it hielendal hân hie. De 35-jierrige man út de Fryske haadstêd hat de wrâld no ris in skoftke oansjoen. Hy negearre dat der in VVD'er al hast njoggen jier minister-presidint is yn ús lân, dat yn Grut-Brittannië in konservative populist op it punt stie om premier te wurden en dat yn de Feriene Steaten in op protte flakken gelyk mantsje him op makket om takom jier werkeazen te wurden. Dat de flechtlingestreamen nei Europa mar foaral nei Nederlân drastysk ôfnimme. En dat in miljoen minsken probearje in kaartsje te keapjen foar de Formule 1 wedstriid yn Zandvoort takom jier. Nee, tocht 'ljouwerter84', mei dit lân giet it hielendal de ferkearde kant út; ik lûk in reade streep, oant sa fier, minsken, der rest my neat oars as yn aksje te kommen!

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Glas in de glasbak? Dacht het niet. Zolang die klimaathysterie en zielige-vluchtelingen-hysterie voortduurt, scheid ik geen afval meer. Jij mijn land vervuilen, dan zal ik ervoor zorgen dat dit land compleet onleefbaar wordt zodat niemand er meer kan wonen, twittere 'ljouwerter84', en der sit in filmke by dêr't yn te sjen is dat hy twa glêzen potsjes yn in jiskefet smyt.

En wat in sukses! 'Ljouwerter84' hat mar in hantsjefol folgers, mar dizze tweet waard op momint fan skriuwen fan dizze kollum al 106 kear retweeten en 352 kear liked!

'Ljouwerter84' wit net wat him oerkomt. De nije Fryske Soldaat fan Oranje, ridder yn 'e oarder fan de Nederlânske Glêsbak, twittere him wyld sûnt snein. Want der is ek krityk: guon oare twitteraars fine it net sa dapper, fan dat glês. 'Ljouwerter84' lit dat net op him sitte, en antwurdet dat se dom binne, omdat se links binne of dat se links binne, omdat se dom binne.

Ik soe hjir fierder net oer begjinne, as it net sa'n skitterjend foarbyld is fan dat je josels nearne sa foar lul sette kinne as op Twitter. Lit ik efkes op dit konkrete tweetsje yn gean. Der sels foar soargje dat je lân ûnleefber wurdt, mei de hoop dat je lân ûnoantreklik wurdt foar asylsikers, is itselde as net mear op it húske pisje, mar tsjin jin eigen foardoar. Hâld dat mar ris in pear dagen fol mei dit waar. Of roppe dat alles en elkenien links is, yn in lân dat al desennia rjochtse regearingslieders hat.

Undertusken gripe jiskemannen harren de earmen iepen oan de pûden mei glês fan ús twitteraar, wêrnei't in automatyske ôffalskieder it glês dochs noch út de bulk hellet, wêrmei't it ôffalsysteem fan Ljouwert ekstra belêste wurdt, wat ekstra kosten opleveret, dy't troch net ien oars as de ynwenners fan Ljouwert betelle wurde moatte, en dus troch 'ljouwerter84' sels. Dy't grutsk de flaggen fan Hongarije, Poalen en Ruslân yn syn biografy stean hat, twa wurden ferwidere fan dat er homo is. Miskien ek op dat mêd noch efkes wat research dwaan.

'ljouwerter84' sil oant yn 'e ivichheid tinke dat dit in briljante tweet wie, en dat hy de oerheid mei syn aksje goed dwers sitten hat: sjoch dy likes! Dêrtsjinoer kin kritysk twitterjend Nederlân syn of har keyboard kapot type op datselde Twitter tsjin 'ljouwerter84', en netto feroaret der neat.

Sterker noch, de enerzjy dy't hjir ferlern gien is, is grutter dan de opbringst hjoed fan trije pûnsmiet oan sinnepanielen. Dy hie ek oan wat oars bestege wurden kinnen, lykas je bemuoie mei de gemeentlike polityk, om te begjinnen, en dan bygelyks spesifyk de jiske-ynsammeling. Der binne legio manieren om jin yn te setten yn in demokrasy om wat te feroarjen, mar twa potsjes yn in jiskefet smite en dêrnei elkenien dom neame op Twitter, tsjûget net echt fan in protte demokratysk tinkkrêft.

Begryp my net ferkeard: de demokratisearring fan de media is weardefol, en frijheid fan mieningsutering is tige wichtich. Mar frijheid fan mieningsutering betsjut neat mear as dat ús oerheid dy net ferfolgje mei om watst seist, binnen de perken fan 'e wet. It betsjut ek dat oare minsken sizze meie datst in flapdrol bist mei in grappich wrâldbyld en in IQ fan de tsjintwurdige bûtentemperatuer, en dat dêr de doar is. It is oan ús anonime twitteraar om hjir al as net wat mei te dwaan."

(advertinsje)
(advertinsje)