Bransjorganisaasje RECRON protestearret tsjin hege toeristebelesting

25 jul 2019 - 08:43

De bransjorganisaasje foar ûndernimmers yn de rekreaasjesektor, RECRON, liedt de needklok. De fakânsjes foar Nederlanners yn eigen lân binne hast net mear te beteljen, omdat de oerheid de belestings hieltyd mear ferheget. Dêrtroch geane de oernachtingsprizen fan kampings, bungalowparken en groepsakkomodaasjes hieltyd flugger omheech.

Foto: ANP

Fan eltse euro omset giet der minimaal 30 sint nei de oerheid yn de foarm fan belesting. Dat docht bliken út ûndersyk fan in advysburo, yn opdracht fan RECRON. "We hadden al een beetje een voorgevoel. Maar het onderzoek bevestigt wel dat in de afgelopen vier jaar de belastingen flink zij gestegen", seit Jarin van der Zande fan RECRON.

"Daar maken we ons wel zorgen om. We zien dat vakantie onbetaalbaar wordt voor een groot deel van de mensen in Nederland." In rekreaasjeûndernimmer hat mei 120 ferskillende soarten belestingen, heffingen en regelingen fan de oerheid te krijen. En dat fielt de konsumint úteinlik yn 'e beurs.

Jarin van der Zande fan RECRON

"Als je nog verder inzoomt op die dertig cent, dan is het overgrote deel rijksbelastingen. Twintig tot dertig procent daar weer van zijn toeristenbelastingen. Dat is wel de belasting waar gemeentes de meeste ruimte hebben, dus die ook het meest omhoog gaan en het meest fluctueren door de jaren. Dat maakt het lastig ondernemen voor onze leden."

Melkko

Gemeenten lykje de toeristebelesting te brûken as melkko. As der tekoarten ûntsteane yn de begrutting, dan is dizze foarm fan belesting de earste dy't ferhege wurdt. "Toeristenbelasting raakt uiteindelijk de gast die niet in de gemeente zelf woont. Veel gemeentes worstelen met grote tekorten, onder andere op jeugdzorg, en daarom verhogen ze belastingen."

It tekoart op jongereinsoarch wurdt yn prinsipe dus betelle troch toeristen. "Dat is precies ons punt, dat vinden wij heel krom. Toeristen worden eigenlijk benaderd als mensen die de gemeente veel geld kosten en daarom moeten we ze belasten. Maar volgens mij moet je die benadering omdraaien." Toeristen ynvestearje nammentlik yn de lokale ekonomy.

Ynsichtlik en transparant

"Je zou ze eigenlijk moeten belonen en trekken. Belasting past daar niet bij. Dat is onze stelling altijd geweest. Natuurlijk moet je lokale voorzieningen in stand houden. Maar wij staan voor doelmatige belastingen."

Neffens Van der Zande moat de gemeente de belestingen ynsichtlik hâlde en transparant wêze yn wêr't it jild hinne giet. "Herinvesteer dat geld dan ook in de toeristische sector. Dat gebeurt soms, maar niet altijd. Vaak gaat het naar algemene middelen."

Toeristebelesting moat konstant wêze

RECRON fynt it ek wichtich dat de toeristebelestingen konstant bliuwe. Neffens de organisaasje moat it net it iene jier ien euro wêze en it oare fyftich sint. "Dat is voor een ondernemer lastig ondernemen. Die moet op het laatste moment zijn prijzen aanpassen. Dat werkt niet. Dus laat het geleidelijk stijgen over een aantal jaren, in plaats van een jojo-beleid. Dat verdienen onze ondernemers niet."

(advertinsje)
(advertinsje)