Eefkes byprate mei: Auke de Groot fan it skûtsje fan de Súdwesthoeke

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start steane fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed de lêste, Auke de Groot fan it skûtsje fan de Súdwesthoeke.
Auke de Groot © Martin de Jong
Auke is sûnt 2008 skipper yn de SKS. Ofrûne jier einige hy mei de Súdwesthoeke op it achtste plak.
Hoe is it mei de teamspirit?
"Mei de teamspirit is it hartstikke bêst. Dêr selektearje wy ek op by nije minsken, dat sy goed by de groep passe. We hawwe in moaie ploech fan alle leeftiden: fiif dy't jonger binne as 18 en twa boppe de 50. It past allegear moai byinoar."
Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"Starum fansels. It publyk kin it by Starum ek moai sjen, dat docht ek wat. Se sitte net allegear op in protsje, mar hawwe rom útsjoch op de skûtsjes. Myn foarkar leit by it romme wetter, dan giet it echt om it silen. Op oare plakken, lykas Earnewâld en De Feanhoop, giet it dêr minder om. Dan hast mei safolle mear saken te krijen. Nee, doch my mar it romme wetter: Starum, de Snitsermar en De Lemmer bygelyks."
Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"We besykje better te starten, dêr mankearre it ôfrûne jier noch wol ris oan. As wy goed útein sette en foaryn sile, dan litte wy ek wol sjen dat wy goed meidogge. Foarich jier op 'e Lemmer bygelyks. We hawwe dit jier wol mei dy start dwaande west, dêr kinst nammentlik wol op traine. It dek moat goed op inoar ynspile wêze, dat skeelt in stik."
Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"We hawwe in nije fok krigen."
Wat meie wy net fan jim witte?
"Ik wit it net, kin it my sa net betinke. Wy hawwe gjin dingen dy't net ien fan ús witte mei. We sitte net alle wykeinen op in skippybal rûn te hippen, dus oant safier gjin geheimen."
Wat is it bêste iten om op te silen?
"Wy binne net sa sinnich, ierappels mei griente is altyd goed. Ite slagget ús foar de wedstriid ek wol. De mannen mei ûnderfining yn ús team soargje wat dat oanbelanget wol foar rêst binnen ús team, der binne net in soad senuwen."
Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrinsje?
"We hawwe net de yllúzje dat wy kampioen wurde. De Lemmer, Earnewâld, Akkrum en Grou, dy meitsje dêr ast it my fregest mear kâns op. Wy stride yn it middenfjild mei de skûtsjes fan De Jouwer, Ljouwert en Langwar."
Wêrom sille jim dit jier winne?
"Ik tink net dat wy dy mooglikheid hawwe. Wat de sylformule oanbelanget, tink ik dat de hiele SKS yn 2016 in grutte stap werom dien hat. De SKS is no dwaande om de sylformule wer op 'e nij te besjen. Ik ferwachtsje dat dy oan 'e ein fan dit jier presintearre wurdt. De ferhâldingen tusken de skippen sil dan lytser wurde, dus ik ferwachtsje dat wy yn 2020 in noch spannender kampioenskip krije. Dit jier meitsje wy dêr gewoan noch net genôch kâns op, mar wy sille fansels ús uterste bêst dwaan, alle wedstriden wer."
It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn Skûtsjesilen 2019 werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.