Veenhoop Festival rist him ta op ekstreme waarsomstannichheden

Hjitteweach of tonger, it Veenhoop Festival is der yn beide gefallen klear foar. Freedtejûn set it âldste festival fan Nederlân foar de 68e kear útein. Ferneamde artysten lykas Bökkers, Scrum, Jack Bottleneck, The Kilkennys en Europe sille der ûnder oaren optrede. De kaartferkeap rint as it slydjaget.
© Veenhoop Festival
It festival is fan freed oant en mei moandei, en foar alle dagen wurdt der ekstreem waar foarsein. Foarsitter Jan Feikema seit der klear foar te wêzen. "Der is genôch wetter ynkocht, dus dat moat wol goed komme. Yn de tinte komme grutte fentilators te hingjen."
Der is ek ekstra tafersjoch dat der gjin minsken út de tiid reitsje. "As it te waarm wurdt, moatte we yngripe. Dêr hawwe we in draaiboekje foar klear lizzen. In pear jier lyn hiene we dat draaiboek ek al klear lizzen en dat hawwe we no wer boppe tafel helle." Foar ekstremen de oare kant op, lykas tonger, leit ek in plan klear.

Smookferbod

Dit jier wurdt der wer strang hanthavene op it smookferbod. Der mei nammentlik net smookt wurde yn de tinten. "Ien individu yn in tinte kin foar de hiele feestkommisje in boete opleverje. Twa jier lyn hawwe we al ris in proef dien mei froulju dy't minsken yn de tinte fregen bûten te smoken. Dat gie hiel bêst." Dêrneist sil der gjin alkohol ferkocht wurde oan minsken ûnder de 18.
Foarsitter Jan Feikema oer de tarissings op it Veenhoop Festival
Nij is de ekstra grutte tinte fan 55 meter lang en 10,5 meter heech. "It jout it effekt fan in grutte hal. It is rommer en it lûd komt better yn de tinte. It eaget ek folle moaier."
It pontsje sil alle fjouwer dagen ek nei 20.00 oere farre, de oertocht is dan fergees. "De befeiliging giet mei, dy sjocht ta. Ik tink dat de pont feiliger is as dy boatsjes. As ik de ferhalen hear hoe't dy oertochten giene, is it in wûnder dat der nea ien fersûpt is."

Feestboaten net wolkom

Grut ferskil mei foargeande edysjes fan it festival is dat de grutte feestboaten en pontons dit jier net wolkom binne. Dat hat de gemeente besletten. It ferbod jildt ek foar bouwurken op de camping en foar iepen fjoer en it ôfstekken fan fjoerwurk. Reden is dat it bestjoer oerlêst foarkomme wol.
"We hawwe protte reaksjes hân fan de jonges dy't op dy boaten sieten. Dy skippen joegen sa'n soad oerlêst, dus we seine: dat dogge we net." Der kamen in soad klachten binnen. "Dan moatte je yngripe. Oars wie it ea misgien."