Hoe waarm is it by dy? Lit it ús witte!

25 jul 2019 - 17:01

Nei alle gedachten wurdt it tongersdei de waarmste dei yn in dochs al tropyske wike. Oeral wurde waarrekôrs brutsen. Dêrom wolle wy graach witte hoe waarm oft it by dy is! Sa komme we mei ús allen ta in offisjeuze waarmtekaart fan Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Wat wolle we krekt fan dy? Meitsje in foto fan de termometer. Dat kin de termometer wêze dy'tst yn de tún hingjen hast of bygelyks yn de auto. Foto's fan waarapps hoege we net, we wolle echte termometers sjen.

Kinst hjirûnder op de kaart oanjaan wêr't de foto makke is en de foto uploade.

Mei alle foto's komme we ta in offisjeuze waarmtekaart fan Fryslân. Offisjele mjitstasjons moatte oan ferskate rjochtlinen foldwaan: op 1,50 meter hichte, yn in iepen fjild en yn in 'waarhut': in bakje mei wite lamellen, sadat de sinne der net direkt op skynt, mar de wyn der wol troch kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)