Galama fersteviget syn posysje as klassemintslieder by it fierljeppen

Yn Drylts waard woansdei de sechstjinde kompetysjewedstriid holden yn it fierljeppen. By de topklasse fan de senioaren einige Ysbrand Galama fan Warkum as de nûmer ien, mei in ôfstân fan 20.30 meter. Hy fersteviget dêrmei syn posysje as lieder fan it klassemint. Nûmer twa waard Bobby Zwaagman fan Drylts mei 19.55 meter en nûmer trije Rutger Piersma fan It Heidenskip mei 19.39 meter.
© Martin de Jong Fotografie
By de froulju waard Marrit van der Wal fan It Heidenskip earste mei in sprong fan 15.73 meter. Marije Reitsma fan Drylts sprong 14.25 meter en Sigrid Bokma fan Hylpen 14.02 meter. Sy waarden twa en trije.
By de junioaren die Jesper Demmer fan Warkum it it bêste mei 17.31 meter, by de jonges Rutger Haanstra fan It Heidenskip mei 17.61 meter en by de famkes Pytrix Westra fan Burgum mei 15.04 meter. Foar Westra wie it in persoanlik rekôr.