Peter Tuinman oer Rutger Hauer: "Hy hie in net te beskriuwen garisma"

24 jul 2019 - 22:11

It nijs dat Rutger Hauer freed ferstoarn is, kaam by Peter Tuinman folsein ûnferwachte. "Ik hearde it en dan falst fansels efkes hielendal stil," fertelt Tuinman. "Ik wist net dat hy wat ûnder de lea hie, dan komt it hiel ûnferwachte en hurd oan," seit Tuinman. "Wy koene inoar en wy koene it ridlik goed mei inoar fine. Ik haw it altyd in hiele bysûndere man fûn. In hiele beskieden man."

Peter Tuinman - Foto: ANP

Peter Tuinman seit dat Rutger Hauer in foarbyld foar him wie. "Wy kenne inoar net hiel yntym, mar wy hawwe yn de ôfrûne jierren sa no en dan wolris kontakt hân. En wy hawwe tegearre yn de film Spetters sitten. Dat wie eins myn earste grutte film. Foar him fansels ek in grutte film, mar al nei't hy Turks Fruit dien hie, etsetera, etsetera, etsetera."

Net te beskriuwen garisma

It bysûndere fan Rutger Hauer? Tuinman: "Dat is by dit soarte grutheden in net te beskriuwen garisma. As dizze man in kamera op him krige: wêr'st ek bist en wêr'st ek sitst, do sjochst nei him. In multytalint. Ast sjochst wat hy makke hat: fan A-films oant kassuksessen."

It garisma dat Tuinman beskriuwt, is neffens him net by in soad oare akteurs te finen. "En wat dat garisma is... Ja, as jo soks beskriuwe kinne, dan is it der hast net mear."

Beskieden

Nettsjinsteande it sukses is Hauer neffens Tuiman altyd nederich bleaun. "Hy wie hiel beskieden. Mar in grut talint, dat hat ek wol bliken dien, want dy man hat in ûnwerklike karriêre hân. Hielendal kommend út dat lytse Nederlântsje wei. Wy hawwe yn ús fak altyd mei in hiel soad respekt nei him op sjoen."

Dat Hauer ek yn Feriene Steaten bekend waard, is neffens Tuinman terjochte. "Syn grutte trochbraak wie mei Turks Fruit en dêr hat hy fansels in bjusterbaarlik prachtich moaie rol yn spile, dy't ek yn it bûtenlân wurdearre waard. Dêr is it eins mei begûn."

Noorder Compagnie

"Ik haw him foar it earst sjoen op it toaniel by de Noorder Compagnie doe't ik sels noch net iens beropsakteur wie," fertelt Tuinman. Oant de trochbraak yn de filmwrâld spile Hauer by dizze toanielferiening yn Drachten. "Letter gie ik nei Rotterdam en dêr is myn eigen filmkarriêre begûn. Mar wy hawwe njonken it feit dat wy inoar sa no en dan tsjinkamen fierder nea njonken inoar op 'e planken stien of neist Spetters ek nea tegearre yn in film sitten."

Fryslân

Hauer hat oant syn dea in thús yn Fryslân han. "It bewiist yn elts gefal dat hy syn 'roots' nea ferleagene hat. Hy is altyd trou bleaun oan it plak dêr't hy wei kaam en dêrt hy begûn. Wat ik sels wolris sis oer mysels: och, dat jonkje út Oerterp. Sjoch ris wêr't hy no is. Dat fyn ik ek hiel bysûnder oan him."

Unôfhinklik talint

Neffens Tuinman hat Hauer der ek foar soarge dat de Nederlânske filmyndustry in skop ûnder de kont krige. Dêrtroch is de Nêderlânske film yn it bûtenlân bekend wurden. En dat kaam troch it wurk fan Hauer.

"Syn brede talint, dat seachst yn in soad films werom. Hy wie foar in grut part ek in hiel ûnôfhinklik talint. Hy gie mei in grutte trailer nei Amearika ta. Hy hie in grutte ûnôfhinklikensdrift. Dat haw ik altyd enoarm wurdearre. Net in man dy't him meislepe liet troch al it gedoch en de heisa om de filmyndustry hinne. Hy is altyd himsels bleaun."

Akteur Peter Tuinman oer it ferstjerren fan Rutger Hauer

(advertinsje)
(advertinsje)