Gjin iepen swimplak yn Harns: "Dus dan mar yllegaal swimme"

24 jul 2019 - 19:44

Lekker swimme mei it moaie waar: op in protte plakken kin it dizze dagen. Mar yn Harns is it net tastien om yn it iepen wetter te swimmen. De gemeente joech woansdei noch in warskôging, mar in protte minsken lûke harren dêr neat fan oan: "Dan mar yllegaal swimme."

"Voor mijn gevoel worden we genegeerd door de gemeente", seit Adraste Sijbesma. Se baalt derfan dat der gjin plak is om te swimmen yn de stêd. Harns hat al jierren gjin iepenloftswimbad mear. "Ik weet zeker dat het bij de bevolking wel leeft. Iedere week is er een interview in de Harlinger Courant en wordt er gevraagd: wat mis je in Harlingen? Negen van de tien keer zeggen mensen 'een openluchtzwembad'."

Dat is der lykwols noch net en Sijbesma fynt it net goed dat se neat heart fan de gemeente. "Als het niet gerealiseerd kan worden, is dat ook een antwoord. Maar ik heb er moeite mee dat het genegeerd wordt. Ik denk dat ze de mogelijkheden moeten onderzoeken naar een zwembad of een zwemvijver. Niet nu het vingertje omhoog doen dat je niet buiten mag zwemmen."

Ik snap deze kinderen wel. Waar moeten ze anders naartoe?

Adraste Sijbesma
Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

En dus swimme de bern fan Sijbesma yn it bûtenwetter. Yllegaal. "Ik heb gezegd: ik betaal de bekeuring wel." Safier is it lykwols noch net kaam. "Ik weet ook niet hoe hoog de bekeuring is, maar ik neem het risico." In slimmer risiko fynt se de feilichheid: "Ze zwemmen in het kanaal vlak voor de Tjerk Hiddessluis, waar allerlei grote vrachtschepen langskomen. Hier in de Singel heb je allemaal kleine motorbootjes. Maar ik snap deze kinderen wel. Waar moeten ze anders naartoe?"

It strân? Dat is gjin opsje, neffens Sijbesma. "Het zit vol met slib."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat yn Harns mei Adraste Sijbesma

Flakby de Tjerk Hiddesslûzen is it drok dizze woansdei. In groepke fan seis genietet fan it moaie waar. "In de zomer komen we hier bijna iedere dag. We wonen hier dicht bij en het is ook nog gezellig." Mei it gefaar fan de skippen falt it wol ta, tinke se. "Je moet een beetje uit de buurt blijven, dan komt het wel goed. Met de sluizen is er wel wat stroming, dus je moet een beetje oppassen. Maar een beetje spanning is ook leuk."

Noch noait warskôge

In oar fertelt dat se noch gjin bekeuring hân ha. "We lette der wol op, mar we binne noch noait warskôge", seit se. Yn Harns meie je eins nergens swimme, mar dit is wol in goed plakje. It strân is net leuk en hiel lyts."

Se witte ek net wat de bekeuring is. "Geen idee. Hopelijk kom er ook niet achter. Ik snap wel dat de gemeente het zegt, maar waarom zou je niet mogen zwemmen? Gewoon een beetje opletten. Het is hartstikke lekker met dit weer. In de grachten zwemmen ze overal, ook de toeristen. We hebben geen goed alternatief om te zwemmen."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei in groepke jongerein

Trefwurden: 
Harns swimme
(advertinsje)
(advertinsje)