Akteur Rutger Hauer (75) ferstoarn

24 jul 2019 - 18:58

Ynternasjonaal ferneamd akteur Rutger Oelsen Hauer is nei in koart siikbêd ferstoarn yn syn wenplak Beetstersweach. Hy is 75 jier âld wurden. Hauer ferstoar ôfrûne freed. De útfeart wie woansdei yn besletten kring, hat syn famylje witte litten.

Hauer yn 2018 - Foto: wikipedia

Lang, blond en blauwe eagen, de hannelskenmerken fan Rutger Hauer. Hy wie in ynternasjonaal grut akteur dy't op basis fan syn uterlik yn Amerikaanske films faak rollen krige as terrorist, psychopaat of Dútser. Oant syn trochbraak yn de film spile hy by toanielgroep Noorder Compagnie yn Drachten.

Yn 1969 waard Hauer lanlik bekend troch syn haadrol yn Floris, in TV-searje oer in ridder fan regisseur Paul Verhoeven. Verhoeven frege him yn 1973 foar de haadrol yn Turks Fruit. De film waard in grut sukses en betsjutte ynternasjonale bekendheid foar Hauer.

Yn 1981 makke hy syn Amerikaanske filmdebút yn de aksjefilm Nighthawks. Sûnt de jierren '80 wenne en wurke hy benammen yn de VS, dêr't er in grut ferskaat oan rollen hie yn bekende en ûnbekende filmprojekten. Sa hat Hauer ûnder oare ek spile yn kaskrakers lykas Blade Runner ('82), Batman Begins ('05) en True Blood ('13).

Foto: ANP

Prizen

Rutger Hauer wûn in ferskaat oan prizen foar syn aktearprestaasje. Twa Gouden Kalveren, in Rembrandt Award en foar syn rol yn de telefyzjefim Escape from Sobibor krige hy yn 1988 in Golden Globe útrikt. Yn 2013 waard hy riddere yn de 'orde van de Nederlandse Leeuw'.

Yn 2009 krige Rutger Hauer de Gratama Priis útrikt, sjoch hjirûnder de fideo:

Rutger Hauer wie troud mei Ineke ten Cate, dochter fan de Fryske sjoernalist Laurens ten Cate. Sûnt 1969 hiene sy in buorkerijke by De Rottefalle. Op 22 novimber 1985 binne Hauer en Ten Cate yn 't geheim troud yn Beetstersweach, troch de boargemaster fan Opsterlân. It jier dêrnei is it stel nei in buorkerij yn Beetstersweach ferhuze. Hauer wenne letter it meast yn syn hûs yn Hollywood, mar dochs hat hy wol oanjûn him it meast thús te fielen yn Fryslân. Ut in earder houlik, dat mar koart duorre, hie hy in dochter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)