Ambulânsehelikopter foar pasjinten op it Waad hie steuring

De ambulânsehelikopter, spesjaal foar it pasjinteferfier fan de Waadeilannen, hat woansdei in skoftlang net fleane kinnen. Troch in steuring stie de helikopter fêst op de grûn op Skylge.
© Laura Conijn / ProNews
Wat der krekt oan de hân wie, is net dúdlik. De piloaten wisten ek net hoelang't it duorje soe. Uteinlik foel it ta. As it nedich wie, koene pasjinten mei it skip fan de KNRM nei de fêste wâl brocht wurde.
Der binne twa ambulânsehelikopters. Dy kinne rûlearje en sa no en dan foar ûnderhâld. De oare helikopter stiet op it stuit foar dy wurksumheden op Lelystad Airport.