Hijum-Feinsum nimt revâns foar in jier lyn en wint Jong-Feintepartij

24 jul 2019 - 18:38

It partoer fan Hijum-Feinsum hat woansdei yn Easterein de Jong-Feintepartij wûn. Giancarlo Teitsma, Hielke Beijering en Laas Pieter van Straten wiene yn de finale mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Winsum 1, dat keatste mei Sipco Greidanus, Wessel Hilverda en Evert Pieter Tolsma. De Jong-Feintepartij is in partij foar jonges tusken de 17 en 21 jier.

De priiswinners - Foto: Henk Bootsma

Foar Hijum-Feinsum betsjut de winst revâns foar ferline jier. Doe ferlear itselde partoer yn de finale mei skjinne fiif fan Berltsum. Dit jier, yn de finale fan de fyftjinde edysje, wiene se dúdlik sterker as Winsum. De earste fjouwer buordsjes wiene allegear foar de úteinlike winners. Uteinlik pakte Winsum noch wol trije earsten, mar op 5-3 en 6-6 makke Hijum-Feinsum dien wurk.

It is de earste kear dat Hijum-Feinsum de Sulveren Leest mei nei hûs nimt.

Rûte nei de finale

Hijum-Feinsum begûn de dei tsjin Balk. Dat smiet in frij ienfâldige oerwinning op: 5-1 en 6-6. Yn de twadde omloop hiene Teitsma, Beijering en Van Straten in steand nûmer. Op de tredde list wie Mantgum de earste echte test foar de úteinlike winners, mar se wûnen wol: 5-4 en 6-2. Yn de heale finale wûn Hijum-Feinsum fan Frjentsjer mei deselde sifers as yn de finale (5-3 en 6-6).

Debutanten

Der diene woansdei 29 partoeren mei fan 24 ferienings. Dat wie in rekôr. Acht partoeren diene foar it earst mei: Moarre-Ljussens, Balk, Hommerts-Jutryp 1 en 2, Baard, Kimswert, Reduzum en Winsum 2.

(advertinsje)
(advertinsje)