Aktiviteiten yn Harns om simmeriensumens ûnder âlderein tsjin te gean

Alderen yn Harns bestride de iensumens mei in byienkomst yn multyfunskjoneel sintrum Het Vierkant. Dy binne yn de simmerperioade folle iensumer as yn oare seizoenen, sa docht bliken út ûndersyk fan senioare-organisaasje KBO-PCOB.
Alderein yn Harns bestride simmeriensumens
De byienkomst is in inisjatyf fan Johanna Schaap fan wolwêzensorganisaasje De Skûle en de gemeente Harns om de iensumens ûnder de âlderein tsjin te gean.
Tekenje op byienkomst tsjin iensumens yn Harns © Ronnie Porte
Der binne in soad minsken mei fakânsje en âlderen bliuwe dan achter. Om dêr wat oan te dwaan is moandei in oerheidskampanje úteinset. Yn MFC Het Vierkant yn Harns wie woansdei de lêste byienkomst fan de fakânsjeperioade. Der wienen tsien minsken dy't mei mekoar en mei frijwilligers aktiviteiten dienen, lykas sjoele, hake, skilderje en mei-inoar ite.