Proef yn Langwar: fjouwer simmerwiken gjin auto's troch it sintrum

24 jul 2019 - 17:39

It sintrum fan Langwar is fan 26 july oant 23 augustus fjouwer wike lang 'autoluw'. Dat wie al langer in winsk fan Pleatslik Belang Langwar, de ûndernimmersferiening en Vereniging Promotie Langweer. Neffens de organisaasjes is it autoferkear net allinne hinderlik foar bewenners en toeristen, mar it kin ek ta gefaarlike situaasjes liede. Nei de simmer sil de proef evaluearre wurde. "Dan kin eltsenien der noch in sechje oer dwaan," jout Pytsje Boersma oan, foarsitter fan Pleatslik Belang Langwar.

De Buorren yn Langwar - Foto: Wikimedia Commons

It giet om fjouwer strjitten: de Buorren, Efterom, Auke Piersstrjitte en Stevenshoek. Dêr mei allinne noch bestimmingsferkear ride. "De fraach wie al inkelde jierren lyn steld, doe hawwe wy kontakt hân mei de gemeente. Mar dy sei: it moat by jimme sels weikomme, eltsenien moat der wol foar wêze," seit Boersma.

Omwenners

It giet dêrby benammen om de omwenners. "Wy binne by de omwenners del west," seit Boersma. "Mar wy hawwe hiel dúdlik sein, dit is in pilot fan fjouwer wiken. En nei dy perioade sille wy evaluearje." Dat sil ûnder oaren barre mei omwenners en minsken fan it pleatslik belang.

Simmerdrokte

Simmerdeis is it tige drok yn it sintrum fan wettersportdoarp Langwar. "Dêr komme ûnfeilige situaasjes fan, bygelyks by toeristen dy't net witte dat sy net midden op 'e strjitte rinne meie. En omwenners soene ek wol efter de strjitte parkeare kinne, as sy dêr neat te sykjen hawwe. En der wurdt noch wolris te hurd riden."

Nea folslein ôfsletten

Der is mei opset keazen foar de simmer. "De kommende fjouwer wiken binne de drokste perioade yn Langwar, en dus de bêste perioade om te testen. As de proef goed ferrint, soe it miskien kinne dat it sintrum takom jier ek ôfsluten wurde kin."

In hiel definitive ôfsluting sil it nea wurde: "Omwenners moatte der úteinlik wol by kinne en de hoareka hat ek befoarrieding nedich."

Pytsje Boersma, foarsitter fan Pleatslik Belang Langwar

Trefwurden: 
Langwar auto's Buorren
(advertinsje)
(advertinsje)