Boerebrulloft op De Jouwer gie troch, mar koarter: "It swit yn 'e panty"

24 jul 2019 - 17:28

Yn park Heremastate op 'e Jouwer is woansdeitemoarn de Fryske Boerebrulloft holden. It wie in echte trouwerij: Sale Visser en Hilda de Vries seinen 'ja' tsjininoar. In moai barren, mar it wie wol tige waarm. Hielendal om't de dielnimmers klaaid wiene yn tradisjonele kostúms. "It swit yn 'e panty", waard der sein.

Earder wie al bekend makke dat it middeisprogramma net troch gie fanwege de hege temperatuearen. Middeis soe der in ringriderij en hurddraverij holden wurde yn de Midstrjitte, mar dat is te waarm foar de hynders. It defilee troch de haadstrjitte gie moarns betiid wol troch.

Yn oerlis mei ferskate partijen is dêrom besletten de middei mar te skrassen. Yn park Heremastate binne party-tinten delset en foar de dûnsers wie der ekstra wetter.

De tinten tsjin de hjitte stiene tiisdei al yn it park foar de Boerebrulloft - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(advertinsje)
(advertinsje)