Fryslân Fêstlein: "Oantinkens ophelje yn it Fûgeltsjepark"

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear gean wy mei Hester Witbraad in de tiid werom nei it Fûgeltsjepark yn Riis, oftewol Sybrandy's Speelpark, in plak dêr't hast eltse Fries wol oantinkens oan hat.
Fryslân Fêstlein diel 5 Fûgeltsjepark
Hester gie mei har famylje altyd op fakânsje nei it Fûgeltsjepark. "Us heit hie gjin rydbewiis en dus koene wy net fier fuort," sa fertelt se. "Wy giene dan mei de pick-up fan ús omke nei Riis ta. We moasten ús wol ferstopje as de plysje kaam, want sa yn dy bak sitte mocht fansels net."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Wy kamen hjir altyd en ik haw hjir in soad oantinkens, dan is it sluten fan dit park wol spitich." Oer in inkelde wiken giet it park yn Riis definityf ticht. "Ja, dat fyn ik sa sûnde want ik hie hope dat ik hjir noch mei myn beppesizzers hinne koe."
Hester fertelt oer har fakânsjefoto
'Fryslân Fêstlein'
Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.