Wurkstraf ynwenner Easternijtsjerk om mishanneling mei bierglês

24 jul 2019 - 16:06

In 29-jierrige ynwenner fan Easternijtsjerk hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen, omdat er in oar mishannele hie mei in bierglês. De man hie spul krigen oer in taksybuske. Doe sloech er de oar mei it glês op 'e earm. It slachtoffer hie in djippe snijwûne yn 'e pols, dy't mei 13 hechtingen tichtmakke wurde moast.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Easternijtsjerker krige by in taksybus yn de nacht fan 25 novimber ferline jier op de Markt yn Dokkum spul mei in groepke út Damwâld. De taksysjauffeur woe de fertochte en syn freonen net meinimme.

Dêrnei foelen klappen en de fertochte soe besocht ha om ien mei in bierglês op 'e holle te slaan. In freon dy't syn earm dertusken stuts, krige in heftige snijwûne.

Rjochter leaut ferhaal taksysjauffeur

De Easternijtsjerker joech net ta dat er it dien hie, mar de rjochter gie út fan it ferhaal fan de Damwâldsters en de nochtere taksysjauffeur. Boppe-op de wurkstraf krige de Easternijtsjerker in selstraf fan in moanne ûnder betingst. Hy moat in skeafergoeding fan 380 euro betelje oan it slachtoffer mei de snijwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)