Brânwacht ried út foar gaslucht by tankstasjon op De Gordyk

De brânwacht moast woansdei útride foar in gaslucht op De Gordyk. Dat wie by in tankstasjon oan de Wetterkant. It probleem wie in lekkende LPG-brânstoftank dy't foar de wissichheid yn in sleat lein is om ôf te kuoljen.
It tankstasjon op De Gordyk © De Vries Media
De branwâcht hat ek noch in part fan it terrein ôfset, dêrnei binne yn de buert mjittingen dien. Hoe't it probleem mei de LPG-tank ûntstean koe, is net dúdlik.