Trije-en-in-heal jier sel easke tsjin frou dy't ynsuline oan har eks joech

24 jul 2019 - 15:22

Tsjin in 53-jierrige frou út Frjentsjer is foar de rjochtbank yn Ljouwert trije-en-in-heal jier sel easke, wêrfan ien jier ûnder betingst. De eask is nei foarren brocht fanwege it jaan fan in soad ynsuline oan har eardere freon, wylst hy hielendal gjin sûkerpasjint is.

Foto: ANP

De fertochte seit sels dat sy tegearre mei de man út libben stappe woe troch it jaan fan in hiel soad ynsuline. De frou hie de ynsuline yn 'e hûs om't sy sels wol sûkerpasjint is. Doe't de man letter yn it sikehûs bykaam, sei hy dat 'r hielendal net dea wol en just wille hat yn it libben. Dat wie wat de man oanjoech op de sitting.

Neffens in saakkundige toksikolooch wie it slachtoffer ferstoarn as hy net adekwaat behannele wie. De offisier fan justysje seit dat der foldwaande bewiis is foar deaslach. De frou joech oan dat sy bot spyt hat fan it hiele barren.

De rjochtbank docht op 23 augustus útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)