Nederlânsk waarmterekôr is brutsen, ek yn Fryslân steane rekôrs op omfallen

24 jul 2019 - 15:06

Troch it waarme waar sille nei alle gedachten Fryske waarrekôrs sneuvelje. Dat seit waarhistoarikus Klaas Ybema. De heechste maksimumtemperatuer ea metten yn Fryslân stiet op 36,5 graden. Dat wie op 26 july 2018. It is noch altyd in lyts bytsje 'koeler' as it Nederlânske rekôr: dat leit op 39,1 graden, hjoed metten yn Gilze-Rijen.

Sinne - Foto: Shutterstock.com

It Nederlânske waarmterekôr is woansdei ferbrutsen: 39,3 graden yn Eindhoven. It âlde rekôr wie 38,6 graden, op 23 augustus 1944 metten yn Warnsveld.

Foar it mjitten fan de heechste maksimumtemperatuer wurdt ûnderskied makke tusken offisjele KNMI-stasjons en 'gewoane' mjitstasjons. De mjittingen fan dy gewoane stasjons gean folle fierder werom yn 'e tiid as de offisjele stasjons. It stasjon yn Ljouwert op de fleanbasis is bygelyks pas aktyf sûnt 1951.

It plak fan de mjittingen is ek fan belang. Sa is in stasjon dat tusken de bebouwing stiet net betrouber, trochdat hûzen en gebouwen de temperatuer beynfloedzje kinne. Dêrom binne de mjittingen fan de temperatuer altyd yn 'iepen fjild', sûnder gebouwen deromhinne.

Ek nachts waarrekôrs

Neffens waarhistoarikus Ybema is de kâns grut dat de hjitterekôrs brutsen wurde. "Net allinnich oerdeis, mar ek nachts ha wy kâns dat der waarrekôrs helle wurde", seit Ybema.

De heechste temperatuer ea metten op in gewoan stasjon yn iepen fjild wie yn Sigerswâld ferline jier. Dêr rûn de temperatuer doe op nei 36,5 graden. Op deselde dei berikte it KNMI-stasjon yn Ljouwert 34,8 graden. Ek foar de Waadeilannen wie it doe tige waarm. Skylge noteare op deselde dei 33,0 °C en Flylân 33,3 °C.

Heechste maksimumtemperatueren ea metten op 'gewoan stasjon'

  • Sigerswâld: 36,5 °C 26 july 2018
  • Rottum: 36,3 °C 23 augustus 1944

Heechste maksimumtemperatueren offisjele KNMI-stasjons

  • Ljouwert: 34,8 °C 26 july 2018
  • Starum: 34,8 °C 27 july 2018

Waadeilannen

  • Flylân: 33,0 °C 26 july 2018
  • Skylge: 33,3 °C 26 july 2018

Nachts liket de temperatuer hast gjin ferkuolling te bringen. As de temperatuer net ûnder de 20 graden komt nachts, wurdt dat in 'tropenacht' neamd. De heechste minimumtemperatueren binne allegearre ferline jier metten.

Heechste minimumtemperatueren KNMI-stasjons

Ljouwert: 23,5 °C 27 july 2018

Skylge 22,6 °C 27 july 2018

(advertinsje)
(advertinsje)