Operaasje-ynstruminten fan it MCL krije in twadde libben

24 jul 2019 - 15:05

De ôfkarde operaasje-ynstruminten fan it Medisch Centrum Leeuwarden wurde ynkoarten recyclet. It bedriuw Van Straten Medial reparearret ôfkarde ynstruminten mei in saneamd sirkulêr ynstrumintenbehear. Dêrby wurde ynstruminten dy't net mear oan de noarmen foldogge, omsmolten en krije se in twadden libben as nij medysk ynstrumint of as spielsysteem of as oare ûnderdielen. It MCL is it earste sikehûs yn Noard-Nederlân dat mei dit systeem wurkjen giet.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De measte operaasje-ynstruminten geane sa'n tsien jier mei. Tankjes en skjirren wurde bygelyks makke fan tige heechweardige metalen. Yn gearwurking mei it operaasjesintrum en de Medisch Instrumentale Dienst (MID) wurde de ôfkarde ynstruminten fan it MCL opnaam yn it sirkulêre programma fan Van Straten Medical.

It grutste part fan de ynstruminten wurdt recyclet. "Zo'n 85 procent van de afgekeurde instrumenten is na revisie en reparatie gewoon weer als nieuw en voldoet aan alle veiligheidseisen", fertelt Bart van Straten, fan Van Straten Medical. "Het deel dat echt niet meer voldoet, wordt omgesmolten. Van deze grondstof maken we weer nieuwe medische producten".

(advertinsje)