VV Dokkum set kamerabylden fan kantine-ynbraak online om dieders op te spoaren

24 jul 2019 - 17:20

Fuotbalferiening VV Dokkum siket noch hieltyd de dieders fan in ynbraak yn harren kantine. Dat gebeurde foarige wike, yn de nacht fan woansdei op tongersdei. De fuotbalklup hat de kamerabylden fan de ynbraak yntusken ferspraat, mar dat hat noch net laat ta oanhâldingen.

Neffens de klup wiene de dieders goed taret en wierskynlik ek bekend mei de sitewaasje by de Dokkumer fuotbalklup. Om binnen te kommen hiene se in rút fan de kantine fernield. Binnen ha se snobbersguod, sjips en drank stellen.

Sinjalemint

Yn it sinjalemint stiet dat de iene persoan tusken de 13 en 17 jier âld is en Adidas-klean oan hie. De oare persoan soe tusken de 15 en 24 jier âld wêze en foel ûnder oaren op troch in blauwe rêchsek. Beide hiene in wite hûdskleur.

VV Dokkum ropt minsken dy't mear witte op om dat by de fuotbalklup te melden of kontakt op te nimmen mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)