Dizze wike yn ús provinsje: SKS, fierljeppe en it Veenhoop Festival

25 jul 2019 - 06:03

Simmerdeis is der in protte te belibjen yn Fryslân. Omrop Fryslân ljochtet alle simmerwiken in pear eveneminten út dy'tst net misse meist. Dizze wike: it SKS Skûtsjesilen, de Nasjonale Fierljep Manifestaasje en it Veenhoop Festival.

De skûtsjes yn aksje by in eardere SKS-wedstriid - Foto: SKS

SKS Skûtsjesilen

In soad Friezen sjogge der al tiden nei út: de start fan it SKS Skûtsjesilen. Sneon 27 july is yn Grou de earste wedstriid fan it kampioenskip. By De Tynje is it spektakel it bêste te folgjen. Under foarbehâld fan it waar begjint de wedstriid om 14.00 uur. De Omrop sit fansels ek wêr boppe-op it skûtsjesilen. Op ús temaside omropfryslan.nl/skutsjesilen hâlde wy dy fan alles rûnom it skûtsjesilen op 'e hichte.

Fierljepster Marrit van der Wal - Foto: Martin de Jong

Nasjonale Fierljep Manifestaasje

Ek op sneon 27 july is de Nasjonale Fierljep Manifestaasje (NFM). Foar de 31e kear wurdt it grutte ljepfeest op It Heidenskip organisearre. It tema fan dit jier is 'leger'. Ljeppers en taskôgers wurde oanmoedige om harren yn styl op te toaien. De hiele dei troch wurdt der ljept, mar de grutte finale fan de ferskate klassen start om 19.00 oere. Njonken it fierljeppen binne der noch ferskate oare festiviteiten, lykas in sweefmûne.

It evenemint is net fergees. De entreeprizen binne 7,50 euro foar folwoeksenen en 3,50 foar jeugd ûnder de 12 jier. Mear ynformaasje is fia dizze link te finen.

It terrein fan it Veenhoop Festival - Foto: Veenhoop Festival

Veenhoop Festival

Sûnt jier en dei lûdet it Veenhoop Festival de start fan de boufak yn. Sadwaande sil it fan freed ôf ek wer heve. Op it poadium stean dit jier ûnder oare Europe, Queenmania en De Hûnekop. Ek is moandei nei de SKS-wedstriid op De Feanhoop it skûtsjesilersfeest yn de feesttinte. It Veenhoop Festival is fan freed 26 july oant en mei moandei 29 july. Foar de freed, sneon en moandei binne der noch kaarten te krijen. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan it festival.

(advertinsje)
(advertinsje)