Tredde nije spiler foar Cambuur yn ien wike: Ragnar Oratmangoen

24 jul 2019 - 13:58

Sportklup Cambuur hat Ragnar Oratmangoen oanlutsen foar de kommende twa seizoenen. De oanfaller fan 21 jier stie it ôfrûne jier ûnder kontrakt by NEC, mar waard ferhierd oan TOP Oss.

Foto: www.orange-pictures.nl

By TOP Oss spile er 30 wedstriden en dêryn skoarde er njoggen kear. Earder woansdei rekke Cambuur in oanfaller kwyt: Nigel Robertha giet nei Levski Sofia.

"Enorm veelzijdig"

Technysk manager Foeke Booy seit dat Oratmangoen in grut talint is. "Bovendien is hij enorm veelzijdig: hij kan fungeren als spits, rechtsbuiten of aanvallend op het middenveld. Dat opgeteld bij zijn karakter maakt dat wij heel blij zijn dat we hem erbij hebben."

Tiisdei presintearre Cambuur ek al twa nije spilers: keeper Sonny Stevens en ferdigener Doke Schmidt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)