Offalferwurker Orion hoecht provinsje gjin twangsom te beteljen

24 jul 2019 - 13:52

De Ried fan Steat hat de twangsom dy't de provinsje Fryslân ôffalferwurkingsbedriuw Orion oplein hie, fan tafel fage. De provinsje easke 30.000 euro fan it Drachtster bedriuw, foar it yllegaal útsmiten fan polychloorbifenylen (pcb's). Orion wie it dêr net mei iens en stapte nei de Ried fan Steat.

Foto: Google Street View

Orion soe reinwetter dat fersmoarge wie mei pcb's útsmiten hawwe, wylst dat ferbean is. De provinsje stiet gjin inkele nanogram oan pcb ta, mar neffens Orion is dat net mooglik. It ôffalferwurkingsbedriuw stapte begjin july nei de Ried fan Steat.

Dy ferneatige woansdei de twangsom en skraste ek de rekken fan 30.000 euro dy't de provinsje by Orion dellein hie. Neffens de Ried fan Steat toane de mjitgegevens fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing net oan dat der pcb's yn it ôffalwetter sitte. Dat hat te krijen mei mjitûnwissens. De provinsje moat Orion ek goed 3.000 euro oan proseskosten fergoedzje.

(advertinsje)
(advertinsje)