Rykswettersteat nimt skippen fan skipswerf Bijlsma yn Warten dochs yn gebrûk

24 jul 2019 - 13:21

De trije grutte wurkskippen dy't Rykswettersteat meitsje litten hie, mar dêr't fan bliken die dat se te djip yn it wetter leine, wurde dochs yn gebrûk naam. Dat meldt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Twadde Keamer. De skippen waarden boud by skipswerf Bijlsma yn Warten.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It giet om skippen dy't ûnder oare boeien lizze moatte en de fiskersfloat kontrolearje moatte. Troch in feroaring yn it bouproses lizze de skippen te djip yn it wetter, wêrtroch't se net ynsetber binne op ûndjippere wetters, lykas de Waadsee en de Iselmar.

Skippen ferlinge

Alde skippen fan Rykswettersteat sille dy taken no ferrjochtsje op dy wetters. De nije wurkskippen wurde dochs noch opnaam yn de ryksfloat, en sille allinnich ynsetten wurde foar taken dy't se, yn de steat dêr't se har no yn befine, útfiere kinne. De minister wol op lange termyn sjen oft it nedich is de skippen te ferlingen, wêrtroch't se minder djip yn it wetter lizze.

De skippen waarden boud troch de Fryske skipswerf Bijlsma yn Warten en it proses koste earst 26,3 miljoen euro. Troch oanpassings ûnder it bouproses rûnen de kosten op mei 1,4 miljoen euro.

(advertinsje)
(advertinsje)