Cambuurspiler Nigel Robertha makket opfallende transfer nei Bulgaarske topklup

24 jul 2019 - 12:56

Fuotballer Nigel Robertha ferlit Sportklup Cambuur en makket de oerstap nei Levski Sofia. De twa klups binne it woansdei iens wurden oer in transfersom. Hoefolle oft de klup út Bulgarije betellet foar de 21-jierrige oanfaller, makket Cambuur net bekend.

Nigel Robertha earder dizze moanne yn in oefenwedstriid tsjin Harkemase Boys - Foto: www.orange-pictures.nl

Robertha spile sûnt it seizoen 2017/2018 foar de Ljouwerters. Hy hat 53 offisjele wedstriden spile en dêryn makke er 16 doelpunten. Earder spile er yn de jeugdoplieding fan Feyenoord.

Levski Sofia is 26 kear kampioen fan Bulgarije wurden en waard ferline jier tredde op it heechste nivo yn it lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)