Brânwacht fan Noardeast-Fryslân krijt nij mobyl oefensintrum

24 jul 2019 - 12:49

De brânwacht fan Noardeast-Fryslân kin fan begjin septimber oant ein novimber oefenje yn in eigen mobyl oefensintrum. Op it parkearterrein fan de elektrisiteitssintrale ENGIE yn Burgum stean tal fan konteners, dêr't de brânwacht mei hjitte yn oefenje kin.

Foto: Omrop Fryslân

De brânwacht oefenet meastentiids yn it opliedingssintrum yn Zuidbroek yn Grinslân, mar dat is foar de measte korpsen dochs in ein riden. Sa'n mobyl sintrum komt dus logistyk better út. "Alle korpsen yn it noardeasten sille yn de konteners oefenje", leit Jouke de Haan fan Brânwacht Fryslân út.

Yn de earste twa wiken fan septimber sil der troch de brânwacht alle dagen oefene wurde mei de it nije materieel dat de lêste tiid oanskaft is. "Yn noardeast komme der ferskate nije auto's. Dêrmei oefenje we ek op dy lokaasje." Dêrnei sil der oant ein novimber alle wiken sa'n twa oant trije kear oefene wurde.

Foto: Omrop Fryslân

De konteners wurde ferwaarme mei pallets. De brânwachtlju kinne dan mei spesjale pakken en parslucht oefenje yn de hjitte. Der is gjin brângefaar foar de omjouwing, want de waarmte bliuwt yn de konteners.

It is foar de brânwacht wol dreech om in goeie lokaasje te finen foar it mobile oefensintrum. Sa'n lokaasje moat op 'e romte en net te tichtby wenhuzen stean.

Jouke de Haan fan Brânwacht Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)