55-plussers keatse 'gewoan' de PC yn Balk: "Meitsje dy net te drok"

Nettsjinsteande de waarmte binne de keatsers yn Balk woansdeitemoarn gewoan losgien mei de PC foar 55-plussers yn Balk. Dat hat noch wol wat fuotten yn 'e ierde hân, want de 55-pluskommisje woe de partij út Balk wei ha. "Mar we ha sein: dit heart by Balk", seit foarsitter René Anema fan KV Cannegieter. "Dus we binne hiel grutsk dat it hjir is."
© ANP
De Balkster feriening hat it evenemint oait sels betocht en docht de organisaasje dit jier hielendal sels. Der dogge dizze woansdei 72 keatsers mei. Mei de waarmte falt it ta, seit Anema. "Ik ha de keatsers ien tip jûn: meitsje dy net te drok, dan komt it grif goed. De wille is it wichtichst, en dy is der wol."
De frijwilligers dy't de skoare byhâlde, sykje it skaad op. "Het is veel te warm daar in de zon. Zelfs onder de parasol is het nog te warm. Het is al jaren zo heet hier."
En de keatsers sels? "Petsje op, himd út. Fierders is it wol te dwaan", seit ien, dy't krekt mei 5-1 wûn hie. "Ik krûp no moai yn it skaad en helje even in stoel op. Dan wol ik earst even sitte." Foar bier is it noch gjin tiid. "Even tee mei sûker."
Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach by de PC foar 55-plussers