Ried fan Steat: miljeustrjitte Harich mei der gewoan komme

24 jul 2019 - 12:03

De Ried fan Steat yn Den Haag sil de komst fan in sammelpunt fan ôffal oan de Houtdyk yn Harich net keare. De beswieren fan in omwenner tsjin de miljeustrjitte binne ôfwiisd.

It gebou fan de Raad van State yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

Eartiids wie oan de Houtdyk al in stoart: it Strontplein. De gemeente De Fryske Marren wol der no in miljeustrjitte delsette dêr't de minsken har húshâldlik en grienôffal kwyt kinne.

'Dreech om pân te ferkeapjen'

In omwenner hat in wenbuorkerij flak njonken de beëage lokaasje. Hy wie nei de Ried fan Steat stapt om de komst fan de miljeustrjitte tsjin te hâlden. Hy en syn frou wolle harren pân ferkeapje, mar binne benaud dat dat in stik dreger wurdt mei in miljeustrjitte yn de buert. De omwenner seit dat it ôffalsammelpunt boppedat net past yn de lanlike omjouwing.

De Ried fan Steat fynt lykwols dat de miljeustrjitte 'relatief beperkt van omvang' is. Dêrom is der ek gjin oantaasting fan it lânskip. Fierder konkludearret de Ried fan Steat dat der genôch lûdkearende maatregels nommen binne om de oerlêst te beheinen.

(advertinsje)
(advertinsje)