Seldsume krusing tusken fazant en hin rint al jierren rûn op Skiermûntseach

24 jul 2019 - 11:28

Op Skiermûntseach rint it produkt rûn fan in suver ûnmooglik momint fan passy yn it bisteryk. Yn 2014 waard in losrinnende wite hin trêde troch in fazantehoanne; net ien kear, mar meardere kearen. Dêrút is in hiel seldsum bist ûntstien, dat de 'kipzant' neamd wurdt op it eilân; in krusing fan beide soarten.

De krusing tusken dizze twa bisten komt wol faker foar, mar is dochs bysûnder. Dizze genetyske rariteit wie oant no ta net mear as in regelmjittige gast yn de achtertunen fan de bewenners fan de Voorstreek op it eilân; op it fêstelân wist gjinien derfan.

Tolve aaien

Fan de tolve aaien dy't yn 2014 lein waarden, binne der úteinlik trije útkaam; twa wite en ien brune. Ien wite wie al gau dea en in oare bedarre yn de bek fan in Spaanske hûn mei in bysûnder talint; it bist koe hinnen sa út de lucht plôkje!

De brune, in hoanne, is oant de dei fan hjoed yn libben bleaun. Al skeelde dat net in soad, want foar de fakânsje waard er oanriden troch in auto op it Waadeilân, dêr't net in soad auto's ride. Dêrtroch mist der no ien each, fertelt Andries van Guldener, by wa't de fûgel yn de konifearehage útbret waard.

Van Guldener wie ek tsjûge fan it amoereuze momint tusken hin en fazant. "Wy sieten yn hûs en ik sei tsjin de frou: moatst no ris sjen wat hjir bart!" It hat úteinlik in dearinnend, genetysk sydpaadsje opsmiten, want de hoanne kin trêdzje wat er wol; der komme gjin piken fan. Hy besiket it ek net.

"Hy hat gjin each foar de froutsjes", seit Van Guldener. De kipzant swalket al jierren troch it doarp en liet him al dy tiid net sjen foar de kamera. It die bliken dat de fûgel moarns op trije adressen fretten krigen hie en net sa aktyf mear wie. Yntusken is der byldmateriaal fan it bysûndere bist opdûkt:

(advertinsje)
(advertinsje)