Winners 65ste Rely Jorritsmapriis binne bekend

24 jul 2019 - 11:13

De winners fan de Rely Jorritsmapriis fan 2019 binne bekend makke. Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei de literêre priis. De winnende ferhalen binne 'Ik doch it foar dy' fan Elmar Kuiper út Jorwert en 'Kimboeëwij' fan Geert Nauta út Wergea.

Foto: Omrop Fryslân

De winnende gedichten binne 'Sleau mei lok' fan Jetske Bilker (Achlum), 'Wy kinne...' fan Henk Nijp (Mantgum) en 'Ik miende' fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy't dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, waarden 81 kreaasjes ynstjoerd; 56 gedichten en 25 ferhalen.

De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan 1.000 euro elk wurde op sneon 5 oktober útrikt yn it doarpshûs fan Weidum.

(advertinsje)
(advertinsje)