Grutte put Kabelnoord: glêsfezel oanlizze yn bûtengebiet Ljouwert

24 jul 2019 - 11:01

Kabelnoord sil definityf glêsfezel oanlizze yn it bûtengebiet fan Ljouwert. Direkteur Niek Geelhoed seit dat der grutte animo fan de ynwenners is foar in glêsfezeloansluting. Dêrtroch kin it bedriuw út Dokkum no fierder mei it meitsjen fan in technysk ûntwerp.

Glêsfezel ynternet - Foto: Shutterstock.com

Doel is dat begjin takom jier de graafwurksumheden yn de gemeente Ljouwert úteinsette.

Kabelnoord is no yn totaal yn alve Fryske gemeenten dwaande mei de oanlis fan glêsfezel yn 'e bûtengebieten. Belangstellenden kinne harren noch oanmelde oant 1 septimber, meldt it bedriuw.

(advertinsje)
(advertinsje)