Sulver foar Marit Bouwmeester op WK Laser Radial yn Japan

24 jul 2019 - 10:32

Marit Bouwmeester hat woansdei sulver helle op it wrâldkampioenskip Laser Radial yn Japan. Tiisdei sakke de sylster út Warten noch fan it tredde nei it fjirde plak, troch maleur mei it materiaal. Bouwmeester einige yn it klassemint nei de Deenske Anne-Marie Rindom.

Marit Bouwmeester (argyf) - Foto: Topzeilen Watersportverbond

De maleur ûntstie yn de twadde race fan tiisdei. Se koe dêrtroch de foarside fan har syl net mear goed oanlûke. "Mei 20 knopen wyn is dat in grutte beheining yn dyn snelheid. Dat ik dochs noch in top 10-klassearring delsetten ha, dêr mei ik bêst grutsk op wêze", sei de trijefâldich wrâldkampioene nei ôfrin.

Mirthe Akkerman út Akkrum einige op it 27e plak.

(advertinsje)
(advertinsje)