LIVEBLOG: Tropyske waarmte yn Fryslân, kringloopwinkel stelt hjitteplan yn

24 jul 2019 - 15:49

It is dizze wike tropysk waarm yn Fryslân. De ferwachting is dat it woansdei yn de provinsje sa'n 35 graden wurdt. Tongersdei sil it sels noch in graad waarmer wurde. It KNMI hat koade oranje ôfkundige, Liander ferwachtet mear stroomsteurings en ferskate eveneminten wurde oanpast of ôfsein. Folgje yn dit liveblog al it nijs dat te krijen hat mei de hjitte.

17:09
Keatse yn de waarmte

De finale fan de Jong-Feintepartij yn Easterein is oan de gong. Ek dêr ha se maatregels troffen tsjin de waarmte: amers mei wetter, in wetterpunt, ekstra tinten, in swimbadsje en parasols.

15:46
Hjitteplan yn kringloopwinkel

De kringloopwinkel fan Grou stelt foar tongersdei en freed in hjitteplan yn. Se hâlde de winkel wol iepen, mar oare tiden: fan 10.00 oant 14.00 oere. Frijwilligers krije wetter en iis.

15:00
Nasjonaal waarmterekôr

Nei 75 jier is der in offisjeel nij hjitterekôr yn Nederlân: der is 38,8 graden metten yn Gilze-Rijen yn Noard-Brabân. Yn Fryslân is it noch net safier. Hjir is it rekôr noch 36,5 graden, ferline jier metten.

14:07
Kjeld

Ferlet fan ôfkuolling? RTV Oost toant by tropyske temperatueren altyd bylden fan in kâld Oerisel.

12:31
Brêgen wurde kuolle

Krekt as juster wurde de brêgen yn de provinsje kuolle. Dat dogge se om foar te kommen dat de brêgen 'útsette' en dêrtroch net mear iepen of ticht wolle. Dit is de brêge by Aldskou.

Foto: Omrop Fryslân, Diana de Groot
12:27
Dit sjocht der noch goed út
12:22
Wedstriid Drints-Fryske Wâld ôfsein

Sportvereniging Friesland lit de Hoeve aan den Wegloop yn Oude Willem takom sneon net trochgean. De wedstriid is yn it Drints-Fryske Wâld, mar mei de ferwachte temperatueren fynt de organisaasje it net ferantwurde om it trochgean te litten. By mear as 30 graden dogge se gjin wedstriden mear.

Trefwurden: 
waarmte koade Oranje hjitte
(advertinsje)
(advertinsje)