Liveblog | 24 july 2019

LIVEBLOG: Tropyske waarmte yn Fryslân, kringloopwinkel stelt hjitteplan yn

It KNMI hat koade oranje ôfkundige, Liander ferwachtet mear stroomsteurings en ferskate eveneminten wurde oanpast of ôfsein.
Lêst bywurke: 24 july 2019, 17:22
17:22

Ree siket ferkuolling

17:09

Keatse yn de waarmte

De finale fan de Jong-Feintepartij yn Easterein is oan de gong. Ek dêr ha se maatregels troffen tsjin de waarmte: amers mei wetter, in wetterpunt, ekstra tinten, in swimbadsje en parasols.
16:15

De waarmte fan woansdei

15:46

Hjitteplan yn kringloopwinkel

De kringloopwinkel fan Grou stelt foar tongersdei en freed in hjitteplan yn. Se hâlde de winkel wol iepen, mar oare tiden: fan 10.00 oant 14.00 oere. Frijwilligers krije wetter en iis.
15:00

Nasjonaal waarmterekôr

Nei 75 jier is der in offisjeel nij hjitterekôr yn Nederlân: der is 38,8 graden metten yn Gilze-Rijen yn Noard-Brabân. Yn Fryslân is it noch net safier. Hjir is it rekôr noch 36,5 graden, ferline jier metten.
14:07

Kjeld

Ferlet fan ôfkuolling? RTV Oost toant by tropyske temperatueren altyd bylden fan in kâld Oerisel.