Kollum: "Unsin"

"We sitte yn komkommertiid. Yn it Frysk: de ûnsintiid. Ferline wike wie de safolste útspraak fan rjochters oer Srebrenica, in stik skiednis út de foarige iuw. Oare rjochters hiene earder oardiele dat de Nederlânske skuld oan it fermoardzjen fan tûzenen moslims 30 persint wie. De rjochters fan ferline wike brochten dat wer werom ta 10 persint. Persintaazjes skuld?
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
De skuldige is dejinge dy't se fermoardzje litten hat. De Feriene Naasjes hiene in missy om soks safolle mooglik foar te kommen, dus dêrfan kinne je sizze dat se har wurk net goed dwaan koene. En dan kinne de FN wer tsjin Nederlân sizze dat it net alles like goed dien hat. Punt. Mar wat dogge wy, ússels sa wichtich fielende Nederlanders: we plúzje dat jierren en jierren út, donderje in hiel soad jild oer de balke, om de skuld dan op te dielen yn persinten. Undraachlike ûnsin.
Elke kear as sjoernalisten keninginne Máxima treffe, dan roppe se oer it stekje fragen oer har moeting mei in Saûdyske kroanprins. Binne dy sjoernalisten no sa dom dat se net witte dat Máxima neffens ús wet neat sizze mei, sels al soe se it wolle. Nee, de bázen fan dy sjoernalisten binne sa dom. Want dy sette ek noch alle dagen wer yn de krante dat Máxima neat sei. Unsin dus.
Der is ek leave ûnsin. Op Skier sil elkenien tenei hoeden wêze mei plestik., dêr sa min mooglik fan brûke. Prima. De ynfloed fan de griene en linkse boargemaster tink. Mar no sizze se, dat se dat dogge fanwege de kontenerramp. Dan soe sa'n ramp earne goed foar west ha en minsken op in better paad brocht ha. Wat in ûnsin.
De nije gemeente Waadhoeke sil ynkoarten omdoopt wurde ta gemeente Twaspjalt. Dat komt om't de ried de meast domme beslissing naam hat, troch gjin beslissing te nimmen. Op de plaknammebuorden mei de Fryske namme boppe, bliuwt dat sa. En dêr't de Hollânske namme boppe stiet, bliuwt dat ek sa. Dus bliuwt elk eameljen.
De djipfriezen, de Hollanners en de lju dy't fine dat je as gemeente ien belied hawwe moatte. Dat eameljen duorret noch wol efkes, want der moat earst noch in proefproses foar de bestjoersrjochter komme. In proefproses. Nee, dat is net yn persinten. Dy proefrjochter sil beslisse dat de nammen tenei mar njonken elkoar moatte. Allinnich dan begjinne dy djipfriezen wer te seuren dat de Fryske namme earst moat. En de oaren fine dat sý earst moatte. Unsin gedoch.
It wichtichste yn guon minskelibbens is in festival. Muzyk, dûns en oare aardichheden. En je kinne dêr alles fan fine, mar as minsken dêr dagen omhingje, laitsgas opsnuve en bier drinke, en hieltyd deselde muzyk hearre, dan moat it foar harren tige moai wêze. Der gean kloften folk hinne.
Oaren fine der neat oan: tefolle drokte, tefolle leven, tefolle drank en tefolle ynbreuk op de natoer. Festivals bin har tefolle. Der binne yndied nochal wat, mar it betsjut dat se wol besteansrjocht ha.
De oerheid moat hieltyd de beslissing nimme. Dy oerheid swalket tusken seurders en festivalgongers. Komt op in sydpaad. In dei koarter. In oar plak. Musyk oant alve oere jûns. Earne oars parkearje. De boksen moatte nei de kant dêr't de minste omwenners wenje. Organisatoaren fan festivals hawwe dêr gjin sin oan en smite de handoek yn de ring. Dat fine de minsken dy't graach komme mochten ferfelend. Dus eamelje, eamelje, eamelje en it is komkommertiid yn de sjoernalistyk, dus elke eamelkont komt oan it wurd. En net ien krijt syn sin. Dat is de ûnsin.
Minsken dy't fan fakânsje weromkomme, wurdt frege attint te wêzen op legionella. Elkenien wurdt advisearre om it wetter earst fiif minuten trochrinne te litten, foardat je wetter drinke, kofjesette of ûnder de brûs stappe.
It is al moai waarm op it heden. Woansdei giet der dêrom fan it Wetterskip wierskynlik in boadskip de wrâld yn dat wy net langer as fiif minuten ûnder de doesj stean meie, omt we oars tefolle wetter fergrieme. Dus je komme thús, litte de kraan fiif menuten streame en dan kin je dus net mear ûnder de brûs . En as je ek noch lavindel meinaam hawwe út it bûtenlân, dan moatte je earst fiif dagen yn karantêne. Wat in ûnsin."