Koetshús filla Woudoord op It Hearrenfean foarearst rêden fan sloop

24 jul 2019 - 08:21

It koetshús fan filla Woudoord op It Hearrenfean is foarearst rêden fan sloop. De beswieren fan Erfgoedferiening Bond Heemschut, it Cuypersgenootschap en de wurkgroep Oud-Heerenveen tsjin de sloop fan it âlde koetshûs by de filla op It Hearrenfean hawwe fertuten dien.

Foto: Erfgoedvereniging Bond Heemschut

De trije ynstânsjes tekenen yn febrewaris beswier oan tsjin it beslút fan de gemeente om it gebou gjin monumintestatus te jaan. It kolleezje fan b&w hat no oanjûn it iens te wêzen mei dy beswierren.

De gemeente Hearrenfean hat it fertuteaze gebou yntusken opnaam op de gemeentlike monumintelist. Dêrmei is sloop fan it pân út 1908 in stik dreger wurden.

Parkearplakken

Yngenieurs- en advysburo Antea Group, eigener fan it koetshús, hie parkearplakken oanlizze wold op it plak fan it gebou. Mar de beswiermakkers fine dat it koetshús in grutte kultuerhistoaryske wearde fertsjinwurdiget.

"De villa Woudoord en het koetshuis zijn in 1908 als een geheel ontworpen door de beroemde architect K.P.C. De Bazel", leit Christian Pfeiffer fan Erfgoedferiening Bond Heemschut út. De filla en it teekoepeltsje binne wol ryksmonuminten. "Het koetshuis hoort gewoon bij de villa. Waarom zou je dat ineens willen slopen?"

Minne steat

Neffens de eigener fan Woudoord is de steat fan it koetshûs hiel min en moat it dêrom ôfbrutsen wurde. Dat bestride de erfgoedorganisaasjes. Sy sizze dat de technyske steat prima is, mar dat der allegearre efterstallich ûnderhâld troch de eigener is.

It koetshûs yn 1961 - Foto: Kees Klarenbeek

Christian Pfeiffer fan Erfgoedferiening Bond Heemschut

It oantekenjen fan it beswier kealle swier en it proses duorre moannen. "Tijdens die bezwaarprocedure bleek ineens dat het koetshuis in 2016 al was aangewezen als gemeentelijk monument", seit Pfeiffer. It die bliken dat de gemeente werom besocht te kommen op har eardere beslút.

"De gemeente zei dat ze het niet op de juiste manier bekend hadden gemaakt. Ze hadden alleen de eigenaar een brief gestuurd, maar het had eigenlijk in de krant bekendgemaakt moeten worden." Dat wie ek it gefal by tsientallen oare gemeentlike monuminten.

Dochs in monumint

"Daar hebben wij een zaak van gemaakt. Je kunt niet van één pand achteraf zeggen dat het toch geen gemeentelijk monument is." De beswierskriftekommisje advisearre dat it beslút út 2016 dochs jildich is en dat it koetshús dochs in monumintestatus hat. Itselde jildt foar de oare pannen op de list fan 2016.

Dat betsjut lykwols net dat it gebou hielendal net mear sloopt wurde kin. "Een monumentenstatus biedt geen onherroepelijke bescherming tegen sloop. Het is wel moeilijker geworden om het te slopen. Wij hebben nu met succes kunnen aantonen dat het een monument is en nu is het aan de eigenaar om daar verder een beslissing over te nemen."

Potinsjele keaper

Yntusken hat him in potinsjele keaper melden foar it koetshús. "Die zegt daar wel wat mee te kunnen. Ik hoop van harte dat de eigenaar een gesprek wil aangaan met de geïnteresseerde", beslút Pfeiffer.

(advertinsje)
(advertinsje)