Eefkes byprate mei Sytze Brouwer fan it Feanster skûtsje

24 jul 2019 - 07:59

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start steane fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Sytze Brouwer fan it skûtsje fan It Hearrenfean.

Sytze Brouwer - Foto: Martin de Jong

Sytze is sûnt 2017 skipper yn de SKS op it skûtsje fan It Hearrenfean. Ofrûne jier einige hy mei it team op it twadde plak. Dit jier giet hy fansels foar de winst.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Wy binne fanatyk mei de ploech, dus mei dy teamspirit sit it wol goed. Fan 'e wike binne wy noch byinoar west as soarte fan teambuilding. Dan nimme wy it even goed troch, dat hâldt je skerp no."

Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"Séls nei ôfrûne jier fyn ik de Snitser Mar noch altyd it moaist om op te silen. Júst miskien wol. Starum is ek altyd moai, rom wetter en as der in bytsje wyn is, is dat hielendal te gek."

Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"Minder grillich sile, we moatte echt konstanter wurde. Hoe't we dat dogge? Dêr kinst net op traine, it iennige datst dwaan kinst, is fan te foaren in plan hawwe en dat goed tariede. Wis fan dysels wêze en konstant sile, dat is de kaai ta sukses."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"We hawwe in nije fok dy't we brûke mei licht waar. Dêrneist is der noch in nij grutseil kaam."

Wat meie wy net fan jim witte?
"Ik soe net witte wat in oar noch fan ús witte wol wat in oar noch net wit."

Wat is it bêste iten om op te silen?
"It leafst ha ik sushi, mar dat krije we net. We krije iten fan de Keningshof, alle dagen wer wat oars en dat foldocht hartstikke goed. Fan te foaren bin ik net sa senuweftich, dus ite giet prima, al hoecht it fan my net sa nedich. Mar goed, je dogge mar gewoan wat de oaren ek dogge no."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrinsje?
"It begjint altyd by ússels, dus wy binne de grutste konkurrint fan ússels."

Wêrom sille jim dit jier winne?
"It wurdt wer hiel spannend, yn it foarseizoen sieten meardere skippen der goed by. Mar wy geane derfoar, 100%."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2 FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(advertinsje)
(advertinsje)