Ungrypbere ko Loltsje 2 makket simmerske kuier

24 jul 2019 - 07:03

De plysje en in boer hawwe tiisdei oeren yn it spier west om fiif ûntsnapte kij te fangen. De bisten ûntsnapten tiisdeitemoarn út in greide oan de Marconileane yn Drachten. De plysje slagge deryn om fjouwer fan fiif kij te fangen, mar Loltsje 2 hie oare plannen.

Foto: SrFotografie

De fjouwer oare kij lieten harren maklik fange, mar Loltsje 2 wist hieltyd te ûntkommen. Omdat it gefaarlike situaasjes opsmiet, waard de plysje ynsetten om it ferkear tsjin te hâlden. Loltsje 2 slagge der lykwols noch in skoft yn om út hannen fan de plysje en de boer te bliuwen.

Dêrom waarden twa hûnegelieders fan It Hearrenfean en Grins oproppen om de ko te ferdôvjen. Neidat dat slagge wie, koe it bist yn de jûntiid lang om let fongen wurde. Mei in kraan en in feewein waard Loltsje 2 werom brocht nei har eigen greide.

(advertinsje)
(advertinsje)