Tesla-bestjoerder rekket slim ferwûne by ûngelok op A6 by De Lemmer

Op de A6 by De Lemmer rjochting De Jouwer hat tiisdeitejûn in slim ûngelok plakfûn. In Tesla botste dêrby achterop in frachtwein. De bestjoerder fan de auto is swier ferwûne nei it sikehûs brocht.
© Jaring Rispens
Helptsjinsten út sawol Fryslân as Flevolân kamen op it ûngelok ôf en besochten it slachtoffer út de auto te befrijen. De man waard dêrnei mei slim letsel ôffierd nei it sikehûs.
Alle auto's fan produsint Tesla binne (foar in part) selsridend. Oft dat yn dit gefal wat út te stean hie mei it ûngelok, is net bekend. De dyk wie nei it ûngelok in skoft ôfsletten, wêrtroch't der in lange file ûntstie yn 'e rjochting fan Fryslân.